Yn 2030 fjouwer kear safolle skjinne enerzjy yn Fryslân

Oer tsien jier wekket Fryslân op syn minst fjouwer kear safolle skjinne enerzjy op mei sinnepanelen en wynmûnen. Dat plan lizze alle Fryske gemeenten, provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân oan harren folksfertsjintwurdigers foar. Mei grutte, al bekende projekten komt de Fryske elektrisiteitsproduksje op 2,3 TWh.

De totale opjefte foar Nederlân is 35 TWh oan skjinne enerzjy op lân. Dat is yn it Klimaatakkoart ôfpraat en kriget foarm yn de Regionale Enerzjy Strategy (RES).

Op dit stuit leverje wynmûnen, sinneparken en -fjilden mei-inoar 0,55 TWh. Grutte enerzjyprojekten soargje yn de kommende jierren foar in tanimming fan 1,75 TWh. Wynpark Fryslân yn de Iselmar leveret dêr de grutste bydrage fan (1,34 TWh). Alle projekten yn it plan binne al bekend, hawwe in fergunning en binne yn oanbou of wurde boud. De enerzjy dy’t partikulieren opwekje is net yn de berekkening meinommen.

Fan it ierdgas ôf

Yn it plan stiet ek wat yn Fryslân nedich is as alle húshâldens op oare soarten ferwaarming as ierdgas oergeane. De oerheden ferwachtsje dat der lokaal in soad oplossingen op maat komme. Yn Heech binne bygelyks de plannen om it hiele doarp mei waarmte út de Hegemer Mar te ferwaarmjen al fierhinne. Gemeenten jouwe yn 2021 foar alle wiken oan wannear’t se fan it ierdgas ôf geane en hokker waarmteboarne dêrfoar yn it plak komt.

Boustiennen

Ynwenners, belangebehertigers en saakkundigen tinke yn de kommende moannen mei om te fêst te stellen hokker ambysje Fryslân foar it opwekjen fan skjinne enerzjy hat. De folgjende stap is beoardieljen wat dêrfoar nedich is en wat it betsjut foar it Fryske lânskip. It stribjen is om in goede balâns tusken lusten en lêsten te krijen. Dat binne de boustiennen om ta in definityf plan te kommen. Fan heal april ôf kinne Fryske ynwenners oanjaan hoe’t sy behelle wurde wolle  by it meitsjen dêrfan.

Op nei in definityf plan

Yn maaie beslute alle gemeenterieden, Provinsjale Steaten en it Algemien Bestjoer oft se it plan oernimme. De moanne dêrnei tsjinnet de regio Fryslân de saneamde konsept-RES by it Ryk yn. Op 1 maart 2021 moat de definitive RES der lizze.

Regionale Enerzjy Strategy

Foar de oergong nei mear skjinne enerzjy en minder CO₂-útstjit is it wichtich om mei-inoar te wurkjen oer gemeentegrinzen hinne. Dêrom is Nederlân yn tritich enerzjyregio’s yndield; Fryslân is dêr ien fan. Binnen de regio’s wurkje oerheden, ynwenners, bedriuwslibben, netbehearders, enerzjykoöperaasjes en maatskiplike organisaasjes mei-inoar oan de enerzjytransysje. Harren ôfspraken lizze se yn in Regionale Enerzjy Strategy (RES) fêst. www.resfryslan.frl

Pagina opties