Wat tinke jo fan ús Omjouwingsfisy?

Yn ús wen- en leefomjouwing komme in soad wichtige ûnderwerpen by-inoar. Lânskip, ferkear, wetter, wenjen, natuer, bedriuwichheid, miljeu. Ensafuorthinne.

Al dy belangen blike ek út de namme fan de fyzje: De romte diele . Der stiet yn hokker belied it provinsjebestjoer oer al dy ûnderwerpen fiert en yn de takomst fiere wol.

Der is de ôfrûne jierren al in soad tinkwurk yn stutsen. De ynhâld is mei allegear organisaasjes besprutsen. Mar it stik is pas klear as ek de omjouwing sels oan it wurd west hat. Ynspraak dus. Yn dy faze sitte wy no. Foar elkenien dy't ynspraak wol. Dit kin oant en mei moandei 16 desimber.

 Jo meie skriftlik reagearje. Hoe dat moat, fine jo op ús webside.

Wat docht de provinsje mei jo suggestjes en ideeën? Wy sille dy goed besjen om te sjen oft wy de fyzje noch oanpasse moatte. Dêrnei is it wurd oan jo folksfertsjinwurdigers: Provinsjale Steaten. Dy stelle it dokumint takom jier definityf fêst. En dêrnei gean wy der – mei-inoar - alle dagen mei oan de slach!

Pagina opties