Unôfhinklik ûndersyk nei sinnepanelen Thialf

Dit bericht is niet meer actueel

Der komt op koarte termyn in ekstern ûndersyk nei de sinnepanelen op it dak fan Thialf. Oandeelhâlders de provinsje Fryslân en de gemeente Hearrenfean hawwe dit yn goed oerlis mei Thialf besletten, oanlieding is it ôfskeakeljen fan de sinnepanelen op freed 29 maaie jongst lien. It ôfskeakeljen fan de sinnepanelen wie in resinte eis fan de fersekerders.

Mei dit eksterne ûndersyk wolle de oandeelhâlders op koarte termyn ûnôfhinklik dúdlikens hawwe hoe der, doedestiids by de oanlis fan de sinnepanelen en dêrnei, hannele is en neffens hokker jildende noarmen. Dêrnjonken wolle de oandeelhâlders mei dit ûndersyk in second opinion oer de mooglikheid om Thialf mei sinnepanelen op it dak te kinnen fersekeren en in advys oer hoe no fierder.

De provinsje en gemeente sizze mei klam dat der no gjin oanwizings binne dat der by de oanlis fouten makke binne of dat de feiligens yn it spul is. Wol fiele de oandeelhâlders harren oerfallen troch it beslút en de taljochting fan de fersekerders. De gefolgen fan dit beslút binne grut, dêrom is soarchfâldigens en goed ynsjoch foar ferfolchstappen no needich.

Pagina opties