Tritich miljoen euro foar fernijing yn kultuer

It kulturele libben yn Fryslân krijt de kommende jierren in flinke oppepper. Seis musea en sânentweintich keunstorganisaasjes krije de kommende fjouwer jier subsydzje om nij elan te jaan oan it kultueroanbod. Provinsje Fryslân folget hjirmei it advys fan twa ûnôfhinklike advyskommisjes. It giet om in totaalbedrach fan goed 30 miljoen euro.

Kultuerdeputearre Sietske Poepjes is bliid mei de nije plannen. “Ferline jier binne wy mei ús nije kultuernota Nij Poadium in oare wei ynslein. Wy woenen ferbreding en fernijing fan it kultueroanbod yn Fryslân. Mei dizze besluten op basis fan de goed ûnderboude advizen fan de eksterne eksperts tinke wy in grutte ympuls te jaan oan in fernijend kultureel Fryslân.”

Musea

De musea krije 16,7 miljoen euro foar fjouwer jier. Nijkommers by de musea binne Museum Belvédère en Museum Drachten. Ek is der subsydzje foar Museum Martena en it Koninklijk Eise Eisinga Planetarium op betingst dat dy in strategyske gearwurking oangean. Njonken dizze nijkommers krije ek it Fries Museum, it Fries Scheepvaart Museum en it Natuurmuseum Fryslân finansjele stipe. De advyskommisje is tige te sprekken oer de kwaliteit en de (ynter)nasjonale útstrieling fan de musea dy’t it rike Ferhaal fan Fryslân op in bysûndere wize útdrage.

Keunstorganisaasjes

De keunstorganisaasjes krije 13,4 miljoen euro foar fjouwer jier. Nijkommers binne Stichting Ivgi & Greben (dûns), stichting Internationaal Kamermuziekfestival Schiermonnikoog en Stichting Nootstroom (klassike muzyk), Stichting het Achterland en stichting Illustere figuren (teater), Stichting VoorHeen De Gemeente en Kunsthuis Syb (byldzjende keunst). 

Nij

It jaan fan fjouwerjierrige finansiering foar musea en keunstorganisaasjes is nij foar de provinsje Fryslân. It komt út de yn 2019 fêststelde beliedsnota Nij Poadium 2021-2024 wei. Yn dit plan stean ambysjes foar keunst, kultuer, taal, ûnderwiis en erfgoed. De provinsje rjochtet him hjirmei op in bloeiend kultureel libben dat soarget foar beweging yn de Fryske mienskip.

Mear ynformaasje

It advysrapport stiet op www.fryslan.frl/nijpoadium.

Del te laden:

Pagina opties