Startnotysje Lânskip foar behâld Frysk lânskip

Dit bericht is niet meer actueel

It Fryske lânskip is altyd yn ûntwikkeling. Lânbou, produksje fan duorsume enerzjy, wenje en rekreaasje freegje hieltyd mear romte en omtinken. Om dêr goed op yn te spyljen hawwe Deputearre Steaten in startnotysje makke foar in programma Lânskip.

Yn ’e mande mei oare oanbelangjende partijen moat dat programma derfoar soargje dat it Fryske lânskip moai en werkenber bliuwt. Op 10 maart litte Provinsjale Steaten harren mei in ekspertgearkomste oer dit ûnderwerp ynformearje mei ûnder oaren ryksboumaster Floris Alkemade. PS nimt op 31 maart in beslút oer de fierdere oanpak fan it programma Lânskip.

Deputearre Douwe Hoogland: It tema lânskip spilet oeral in rol, fan Feangreide-oanpak oant it enerzjyfraachstik. Yn ús bestjoersakkoart stiet dan ek dat we de gefolgen foar it lânskip yn al ús beliedskarren behelje. Dêr helpt dizze startnotysje by

De startnotysje bestiet út 4 alternativen foar it opstellen fan in programma Lânskip. Elk alternatyf hat in eigen ambysjenivo en beskriuwt de rol fan de provinsje Fryslân en oare partijen as it giet om it tema lânskip. Deputearre Steaten stelle foar in kar te meitsjen foar it alternatyf Panorama Fryslân. De provinsje is dêrby pro-aktyf by it ynpassen fan romtlike ûntwikkelingen yn it lânskip. Gearwurking mei alle oanbelangjende partijen stiet sintraal. As lânskipsstruktueren yn de provinsje ûnder druk komme te stean, sil de provinsje aktyf stjoere op it behâld fan it werkenbere Fryske lânskip. Provinsjale Steaten meitsje yn maart 2021 in kar út de alternativen.

Omjouwingsfisy

De startnotysje Lânskip is in útwurking fan de besprekking fan de Omjouwingsfisy De romte diele troch Provinsjale Steaten. Utgongspunt fan de omjouwingsfisy is dat Fryske lânskipstypen en harren ûntsteansskiednis werkenber bliuwe. In twadde útgongspunt is dat lânskip by nije romtlike ûntwikkelingen altyd in ûnderwerp is by it ôfweagjen fan belangen. It programma Lânskip is dêrby de ferbinende skeakel om dy doelstellingen te berikken.

Pagina opties