Sifers Fryske befolkingsprognoaze bekend

De sifers fan de Fryske befolkingsprognoaze 2020 binne bekend. Dizze sifers binne ferwurke yn in factsheet. Letter yn it jier folget in dashboard wêryn’t, sa mooglik, de  gefolgen fan de Coronakrisis ferwurke binne.

Gemeenten, de provinsje en allegearre oare partijen stimme har belied ôf op de Fryske befolkingsprognoaze. It foarmet ek de basis foar ûnder oaren de wentebou-ôfspraken.

De provinsje Fryslân hâldt bij alles wat sy docht rekken mei de demografyske ûntwikkelings. Deputeare Fokkinga: “Demografyske ûntwikkelings hawwe in soad ynfloed op allegearre saken yn ús libben. Friezen jouwe oan dat hja it wenjen en libjen yn ús provinsje tige wurdearje. Dat wolle wy sa hâlde. Wy bringe regelmjittich in Fryske befolkingsprognoaze út sadat wy allegearre partijen stypje kinne by it nimmen fan besluten foar har belied, no en yn de takomst. Binne der wichtige feroarings yn trends, dan kinne hja dêr op ynspylje.” 

Trends

Demografyske feroarings hawwe der altyd west. Minsken wurde ommers âlder, se krije bern of komme te ferstjerren. Dêrneist feroarje wensituaasjes trochdat minsken de lapen gearsmite, krekt skiede of omdat se ferhúzje nei in oare Fryske gemeente of nei in oar part fan it lân. Soks hat ynfloed op saken as ûntgriening (minder jongerein), fergrizing (dûbelop, want mear âlderen en mear âldere âlderein), befolkingsdelgong (stadich en gelykmjittich) en de groei fan it tal húshâldens (ôfnimmend).

It binne strukturele trends dêr’t Fryslân (lykas oare dielen fan Nederlân) al langere tiid mei te krijen hat. Dat hat alles mei de saneamde babyboomgeneraasje fan útstean. Dizze generaasje is berne tusken 1945 en 1950. Om’t wy hieltyd âlder wurde én om’t wy sûnt de jierren ’60 minder bern krije, hawwe wy nei it ferstjerren fan de babyboomgeneraasje struktureel te krijen mei in lytsere befolkingsomfang. Soks hat fan gefolgen dat bygelyks basisskoallen slute moatte, dat de fraach nei wennings ôfnimt en feroaret, dat it gebrûk fan soarchfoarsjennings stiicht en dat it foar bedriuwen yn bepaalde sektoaren lestich is om (goed kwalifisearre) personiel te finen.

De wichtichste ûntwikkelings (eftergrûnynformaasje)

Fryslân hat no sawat 650.000 ynwenners. Yn 2040 sil dat ta 630.000 ôfnommen wêze. De prognoaze lit sjen dat der, nettsjinsteande it ôfnimmen fan it totaal tal ynwenners, der in flinke taname fan it tal âldere minsken ferwachte wurdt. It oantal 65-plussers sil mei sa’n 35% tanimme fan 140.000 yn 2020 ta 188.000 persoanen yn 2040. Yn dizze groep sil it tal 85-plussers mear as ferdûbelje.

Alle leeftydsgroepen jonger as 65 jier, nimme oant 2040 ôf yn oantal. De groep fan 45 oant 65 jier hat mei de grutste ôfname fan -23% te krijen. It tal bern oant 15 jier sil mei 5% ôfnimme.

It oantal húshâldens groeit noch wat langer troch as it tal ynwenners. Fan 295.000 húshâldens yn 2020, is der noch in lichte groei nei 305.000 húshâldens yn 2035. Dêrnei nimt it tal húshâldens wer ôf nei 205.000 yn 2050. Benammen it oantal ienpersoans húshâldens sil noch groeie: fan 110.000 yn 2020 oant 130.000 húshâldens yn 2040. Dat giet foar it grutste part om allinnesteande âlderein .

Del te laden:

Factsheet Friese Bevolkingsprognose 2020.pdfpdf(903,31 KB)

Pagina opties