Oprop Waadeilannen: bliuw safolle mooglik thús

De boargemasters fan de fiif Waadeilannen dogge yn oansluting op de lanlike rjochtlinen fan de regearing en it RIVM in oprop oan toeristen om yn de kommende wiken safolle mooglik thús te bliuwen. De boargemasters wolle sa de risiko’s foar eilanners en gasten om mei it coronafirus besmet te wurden safolle mooglik beheine.

Yn in iepen brief fan 17 maart skriuwe se dat de hoareka sletten is en it mienskiplik reizgjen op ‘e boat ôfret wurdt. Wichtich argumint is dat de medyske foarsjennings net ûnnedich op ‘e proef steld wurde moatte. De soarch fan de húsdokters op ‘e eilannen mei net ûnder druk komme. Mei it each op de lanlike rjochtlinen om covid-19 te bestriden stipet de provinsje Fryslân de oprop fan de eilannen.

Sjoch foar mear ynformaasje de websiden fan de eilannen.

Pagina opties