Nije brêge Stokersverlaat yn Appelskea iepene

Dit bericht is niet meer actueel

Hjoed iepene deputearre Avine Fokkens-Kelder de renovearre slûs en nije brêge Stokersverlaat yn Appelskea. De hast 85 jier âlde flapbrêge is hielendal ferfongen. De slûswanden binne fernijd troch de wei fan nij mitselwurk en op de boppeste laach binne de oarspronklike stiennen lime. It wurk is yn septimber 2019 útein set en op 15 maaie ll. binne de brêge en de slûs wer yn gebrûk nommen.

“De fernijde brêge en slûs binne in oanwinst foar de Turfrûte en it doarp. En ik kin my yntinke dat toeristen it moai fine om te sjen hoe’t dy slûs troch de brêgewipper mei de hân betsjinne wurdt”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder.

Balstien út ‘e Iistiid

By it útfieren fan it wurk waard in bysûndere balstien fûn. By it pleatsen fan de nije damwanden woe de wand nei 4 meter djipte net fierder de grûn yn. In grutte balstien, ôfkomstich út de Iistiid, wie de dwerslizzer. De stien hat in plakje neist de slûs krigen.

Turfrûte

Appelskea is in populêr plak foar boatsjeminsken, omdat it ûnderdiel fan de Turfrûte is. Dy farrûte kin fan 15 maaie oant 15 septimber fearn wurde.

Pagina opties