Nij fytspaad by Ryptsjerk iepen

De earste fytsers dy’t oer it nije fytspaad lâns de N361 fytsten, waarden feestlik ûnthelle mei wat lekkers. Fan hjoed ôf kinne sy feilich fan Ryptsjerk rjochting Swarteweisein en Tytsjerk fytse. Eartiids moasten sy de provinsjale dyk N361 oerstekke om by it krúspunt E10 te kommen.

Medewerker provincie geeft wat lekkers aan eerste fietser op fietspad

Foto: Earste fytsers waarden feestlik ûnthelle mei wat lekkers

Heal juny startte oannimmer Schagen Infra Bv mei it oanlizzen fan it fytspaad lâns de provinsjale dyk. Op 'e nij in moaie ynvestearring yn ferkearsfeiligens yn Fryslân. “Daar ben ik blij mee”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder. Eartiids lei der in betegele kuierpaad. Fytsers makken hjir gebrûk fan, wat soarge foar ûnfeilige situaasjes. Yn it feiliger meitsjen fan de provinsjale dyk mei de komst fan de Sintrale As, is it realisearjen fan in folweardich fytspaad meinommen. Foarsitter fan Doarpsbelang Ryptsjerk, Jurjen Stellingwerf, is bliid dat fytsers no feilich by de ferkearsljochten oerstekke kinne.

Fytspaad as lispuzel

Tusken de ôfslach IJpeysingel by Ryptsjerk en krúspunt E10 is oer in lingte fan in tal hûnderten meters in fytspaad lein. Dêrby hat de oannimmer in nije technyk brûkt: in ‘ritspaad’. It beton kin as it wiere as in lispuzel út elkoar helle wurde en yn elkoar set wurde. Mocht der wat mei de ûnderlizzende kabels en liedingen barre, hoecht it hiele fytspaad der net út en op 'e nij oanlein te wurden. It is dan ek it earste ritspaad yn Fryslân. It is boppedat in sirkulêr fytspaad: werbrûkber beton, biobased belijning en duorsume gerstegels.

Pagina opties