Natuer yn Bakkefean tsjin ferdrûgjen

Dit bericht is niet meer actueel

Flakby de Slotpleats yn Bakkefean is yn de bosk in perseel gerslân ynrjochte om mear wetter fêst te hâlden. Dit helpt om de beekdelling Alddjip klimaatbestindiger te meitsjen. Dit stikje natuer dat oan de Swarte Singel leit, is ûnderdiel fan Natuernetwurk Nederlân.reaasje út it gebiet. 

Weiland met bomen

Foto: It perseel gerslân dat ynrjochte is

Wettermaatregels

Om ferdrûgjen fan de natuer tsjin te gean yn it gebiet is de wetterhúshâlding op dit perseel oanpakt. Inkelde sleatten binne minder djip of hielendal tichtmakke en yn oare sleatten is it wetterpeil ferhege. Mei dûkers en keardammen is it wetterpeil te regeljen. Ek is der in poel groeven yn it perseel om wetter op te fangen en fêst te hâlden. Op de wâlen fan de poel groeie de kommende jierren wâlplanten. Mei de fochtige dielen fan it perseel, is dat in noflik plak foar bysûnder soarten lykas de poelkikkert, heidekikkert, kaamsalamander en fjoerlibel.

Om de poel hinne leit wiet gerslân en de bûtenste rânen fan it perseel lizze heger en drûger. Sa kinne bysûndere planten harren ûntwikkelje. De drûgere dielen fan it perseel binne geskikt leefgebiet foar flinters lykas it oranjetipke en de brune fjoerflinter. Natuurmonumenten is de eigener fan it gebiet. No’t it wurk klear is, wurdt de ynrjochting oerdroegen oan Natuurmonumenten. Sy bliuwe it perseel en de poel behearen.

Gebietsynrjochting

De ynrjochting fan it perseel by de Slotpleats is ûnderdiel fan de twadde projektfaze fan gebietsynrjochting Koningsdiep. Hjir wurket de provinsje Fryslân gear mei de gebietskommisje Koningsdiep, Wetterskip Fryslân, gemeente Opsterlân, lânbou- en natuerorganisaasjes. De twa grutste opjeften binne it ophelpen fan de beekdelling fan it Alddjip en it oanlizzen fan Natuernetwurk Nederlân. De gebietskommisje bestiet út fertsjintwurdigers fan natuer, lânbou, wetter en rek

Pagina opties