Minsken mei ûnderfining ynsette by minsken mei beheinde taalfeardigens

Dit bericht is niet meer actueel

Minsken mei ûnderfining op dat mêd ynsette yn bygelyks bedriuwen om minsken mei beheinde taalfeardigens te sinjalearjen en harren fierder te helpen, is tige weardefol. Dat is ien fan de útkomsten fan it ûndersyk dat Stichting Lezen en Schrijven en Bureau Maak & Vermaak hjoed presintearren.

Yn dizze wike fan de alfabetisearring kamen gearwurkingspartners en oare oanbelangjenden byinoar op it provinsjehûs om te hearren wat de bêste manier is om minsken mei ûnderfining op dat mêd yn te setten om dy groep oan te sprekken en se it selsbetrouwen te jaan om harren taalfeardigens te fergrutsjen. Minsken mei ûnderfining op dat mêd hawwe deselde eftergrûn en kinne in betrouwensbân opbouwe mei minsken dy’t minder goed lêze, skriuwe of rekkenje kinne of net sa digitaalfeardich binne. Dêrmei kinne se harren helpe om oer in drompel hinne te stappen.

Ûnderfiningswiis

Melanie Berends, ûndersiker fan Bureau Maak & Vermaak: “Út dit ûndersyk docht bliken dat in kombinaasje fan professional en minsken mei ûnderfining wurket. De persoan mei ûnderfining dielt dy graach en helpt dêrmei oare minsken yn deselde situaasje te motivearjen in taaltrajekt te folgjen. De wichtichste reden om dy persoan yn te setten by it sinjalearjen fan minsken mei in beheinde taalfeardigens is dat de ôfstân tusken beide lyts is en it dêrmei makliker is om harren te berikken. Beide werkenne faak in lyksoartich (skoalle)ferline en in dield probleem mei taal, rekkenjen en/of digitale feardichheden. Dêrtroch ûntstiet in betrouwensbân wêrtroch’t help freegjen makliker is.” De professional is de stipe foar de persoan mei ûnderfining, dat kin in (belieds/biblioteek)meiwurker, in wolwêzenswurker of in oanfiterder wêze. De professional soarget foar de rânebetingsten, hâldt it proses yn ‘e gaten en soarget foar it ferfolch.

Meitinke

It ûndersyk is op fersyk fan de provinsje Fryslân útfierd. De kleau tusken minsken dy’t meikomme kinne en minsken dy’t efter bliuwe, wurdt hieltyd grutter. Dat betsjut dat beheinde taalfeardigens in serieus maatskiplik fraachstik is, dêr’t oerheden en ynstânsjes yn Fryslân ek mei te krijen hawwe. Sa’n 2,5 miljoen folwoeksen minsken yn Nederlân hawwe muoite mei taalfeardigens (12,2%). Yn Fryslân hat 13,4%  fan de befolking in beheinde taalfeardigens (sifers Partoer 2016).

De provinsje Fryslân hat gjin wetlike taak om wat oan beheinde taalfeardigens te dwaan. Deputearre Douwe Hoogland: “Op fersyk fan de Fryske gemeenten en op grûn fan ús maatskiplike ferantwurdlikheid besykje wy wol oanfoljend te wêzen op wat sy dogge, mei te tinken oer dit fraachstik. Dit ûndersyk is dêr in foarbyld fan.”

De resultaten fan it ûndersyk binne yn it ‘Handboek ervaringsdeskundige en Professional’ útwurke en yn in filmke  op YouTube.

Pagina opties