Minister en Deputearre tekenje Bestuursovereenkomst Verruiming sluiscomplex Kornwerderzand

Dit bericht is niet meer actueel

It fernijen fan de brêgen en ferromjen fan de slûs by Koarnwertersân kin útein sette. Minister Cora van Nieuwenhuizen (Ynfrastruktuer en Wettersteat) en deputearre Avine Fokkens-Kelder (provinsje Fryslân) hawwe dêr hjoed de Bestuursovereenkomst Verruiming sluiscomplex Kornwerderzand foar tekene. In tarieding dy’t jierren duorre hat is dêroan foarôf gien.

Yn de Bestjoersoerienkomst is ôfpraat om in gruttere slûs oan te lizzen, de besteande brêgen te ferfangen en de soalen út te djipjen sadat gruttere skippen dêr gebrûk fan meitsje kinne. It Ryk betellet 111 miljoen euro en de merkbydrage is 26,5 miljoen euro. De rest komt fan de regionale oerheden.

Der is ôfpraat om it wurk yn fazen út te fieren. It begjint mei it ferfangen fan de brêgen yn de A7 dat uterlik yn 2025 klear wêze moat. Underwilens set ek it útdjipjen fan de soalen yn de Iselmar útein. Provinsje Fryslân fiert it wurk út. Dat bart yn nauwe gearwurking mei Rykswettersteat, eigener fan de brêgen en de slûzen.

Minister Van Nieuwenhuizen: “Dit is een bijzonder moment. Er is lang naar toe gewerkt, gepuzzeld om het geld bij elkaar te krijgen en gekeken wat de beste aanpak is. Mooi dat we definitief kunnen zeggen: It sil heve! We leggen hiermee de rode loper uit voor grotere zeeschepen waaronder de superjachten die door Nederlandse scheepswerven worden gebouwd. Dit geeft een economische impuls aan de regio en een impuls aan het vervoer over water.”

Minister Cora van Nieuwenhuizen (Infrastructuur en Waterstaat) en gedeputeerde Avine Fokkens-Kelder houden samen een bord omhoog waar de bestuursovereenkomst en een afbeelding van de sluis op staan.

Parallel oan it ferfangen fan de brêgen en útdjipjen fan de soalen, wurdt in privaatrjochtlike merkbydrage-regeling útwurke. Dêrnei set it ferbreedzjen fan de slûs, dy’t der neffens planning yn 2028 lizze kin of safolle earder as helber is, útein. Deputearre Fokkens-Kelder: ‘’Ik ben ontzettend blij dat we deze overeenkomst over dit sluiscomplex kunnen tekenen. We kiezen hiermee voor een  belangrijke investering in bereikbaarheid en economische groei. Het is geweldig dat we nu kunnen beginnen met de vervanging van deze bruggen, die vaak problemen geven. Een bijzondere mijlpaal.”

Yn stee fan de besteande draaibrêgen yn de A7 komme der fjouwer baskulebrêgen (‘flapbrêgen’ mei in kontragewicht). De twa trochfariepeningen wurde aanst 21,7 en 25 meter. De westlike grutte slûs wurdt ferromme, dat der gruttere skippen trochhinne kinne. De besteande soalen yn de Iselmar en Ketelmar wurde ek útdjippe, dat de havens fan Makkum, Lemmer, Urk, Lelystêd, Meppel en Kampen foar dy gruttere skippen berikber wurde.

Pagina opties