Meitsje wurk fan de banenôfspraak

“Haal ûnferwacht talint yn hús”: deputearre Sander de Rouwe ropt Fryske wurkjouwers op minsken yn tsjinst te nimmen dy troch sykte of in handicap dreger oan in baan komme.

Hy docht dit as bestjoerslid fan Werkgevers-Servicepunt Fryslân Werkt! Sander de Rouwe is de kommende moannen, oant 1 oktober 2021, aktyf as ambassadeur fan de Banenôfspraak. De Banenôfspraak is in ôfspraak tusken it Kabinet en wurkjouwers, om minsken mei in arbeidsbeperking oan in baan yn it reguliere bedriuwslibben of by de oerheid te helpen.

Deputearre Sander de Rouwe: “In stabile baan hawwe jout wissichheid en draacht by oan it lok fan minsken. Yn Fryslân binne noch sa’n fjouwertûzen talinten beskikber, dy troch sykte of in handicap dreech oan in baan komme. Ik rop ús Fryske wurkjouwers op om wurk te meitsjen fan de Banenôfspraak en wol dit ek yn myn kontakten mei ûndernimmers beprate de kommende tiid. Krekt yn dizze tiid is it wichtich om plak te meitsjen foar dizze minsken. Komt Wouter, Sanne, Auke of Alija aanst jo bedriuw fersterken?”

Yn Fryslân hiene ein ferline jier fan de 9748 minsken mei in arbeidsbeperking, 4751 in Banenafspraak-baan. It is de bedoeling dat dit oantal de kommende jierren fierder omheech giet. De Fryske wurkbedriuwen Empatec, Caparis en NEF binne derom start mei de kampagne ‘solliciteer op talent’. Mei dizze kampagne wolle hja bedriuwen yn Fryslân ynspirearjen om in meiwurker fanút in sosjaal werkbedrijf yn tsjinst te nimmen. Ek WerkgeversServicepunt Fryslân Wurket! set de kommende tiid ekstra yn op it fergrutsjen fan it oantal Banenafspraak-banen.

Pagina opties