Leden Advyskommisjes Keunst en Musea beneamd

Musea en keunstorganisaasjes kinne tusken 18 febrewaris en 1 april 2020 in plan yntsjinje om yn oanmerking te kommen foar fjouwerjierrige provinsjale finansiering foar de perioade 2021-2024. Foar musea is 16.677.600 euro beskikber, foar keunst  13.400.000 euro. In ûnôfhinklike advyskommisje advisearret de provinsje wa’t yn oanmerking komt foar subsydzje.

Yn de Advyskommisje Musea sitte:

  • Minke Schat (foarsitter)
  • Stan Petrusa
  • Jan Folkerts

De Advyskommisje Keunst bestiet út:

  • Martijn Kramers (foarsitter),
  • Ankie Boomstra
  • Dirk de Bruin
  • Jos Schuring
  • Maaike van den Hoek
  • Annet Andriessen

Beide kommisjes hantearje de ramten foar Musea en Keunst lykas fêststeld by de behandeling fan de beliedsnota Nij Poadium. It reglemint fan de advyskommisje beskriuwt ûnder mear de wurkwize fan de kommisjes en de wize fan beneamen fan de leden. Ek stiet hjiryn dat de kommisje by de beoardieling en rangskikking rekken hâldt mei de omfang fan de organisaasje dy’t oanfreget. It mandaat foar de definitive beslútfoarming, op basis fan de útbrochte advizen, leit by Deputearre Steaten.

Oanfraach yntsjinje

De regeling Musea en Keunst is opsteld sadat organisaasjes harren oanfraach yntsjinje kinne op basis fan dúdlike ramten en betingsten. Fan 18 febrewaris ôf is mear ynformaasje te finen op fryslan.frl/subsidies. Fragen binne wolkom fia cultuur@fryslan.frl. Foar de simmer fan 2020 witte de oanfregers oft de oanfraach foar 4 jier honorearre is of net.

Pagina opties