Keninklike ûnderskieding foar Ira Judkovskaja

Yn Ljouwert is fannemidje artistyk direkteur fan Tryater Ira Judkovskaja beneamd ta Ridder in de Orde van Oranje-Nassau. Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok rikte de fersiersels út by de ôfskiedsbyienkomst fan Judkovskaja yn it Tryater gebou.

Judkovskaja wie 12.5 jier lang artistyk direkteur fan Tryater. Se loadste it Frysktalige selskip troch swier waar. Sa soarge se der mei foar dat Tryater diel útmakken bleau fan de lanlike kulturele basisinfrastruktuur (BIS) en hâld se Tryater oerein doe’t lanlike kultuurbesunigings it fuortbestean yn gefaar brocht. “Se stie al dy tiid as in mem foar har organisaasje en har meiwurkers,” neffens de kommissaris.

Commissaris van de Koning Arno Brok staat op het podium met artistiek directeur Ira Judkovskaja

Ek soarge se foar fernijing en ferjonging en wie se fan grutte betsjutting foar it libjend hâlden fan de Fryske taal as drager fan identiteit. Ze lei kontakten mei bûtenlânske selskippen en brocht Tryater en Fryslân ynternasjonaal foar it fuotljocht. Se stie oan de widze fan de Fryske Taalalliânsje en Lân fan Taal. Dernjonken wie se fan de begjin ôf tige belutsen by Kulturele Haadstêd 2018. Hjir sette se yn op it tema ‘Iepen Mienskip’. Ek wie se ferantwurdelik foar de iepeningsfoarstelling fan dit evenemint.

Pagina opties