Jon Hermans-Vloedbeld waarnimmend boargemaster Skylge

Jon Hermans Vloedbeld (VVD, 66) is fannejûn yn de wenning fan kommissaris fan de Koning drs. A.A.M. Brok beëdige as waarnimmend boargemaster fan Skylge.

De beneaming giet yn op 1 april.

It beslút kaam ta stân yn goed oerlis en yn oerienstimming mei de fraksjefoarsitters fan de gemeenteried fan Skylge dy’t unanym wiene. Hermans Vloedbeld is waarnimmer oant 1 novimber dit jier. Dan makket se plak foar in kroanbeneamde boargemaster.

Hermans Vloedbeld hat in soad ûnderfining yn it iepenbier bestjoer. Se wie boargemaster yn fiif gemeenten. Har ekspertise op it mêd fan iepenbiere oarde en feiligens wiene foar de kommissaris reden har te freegjen. Yn dizze krisis komt dat goed fan pas. Se wie riedslid en wethâlder yn Losser en boargemaster fan Ouderkerk, Ridderkerk en Almelo en waarnimmend boargemaster fan Oud-Beijerland en Noordwijk.

Op Skylge is sy de opfolger fa Bert Wassink (GroenLinks) dy’t op 1 april oan de slach sil as wethâlder yn Ljouwert. Yn jannewaris makke dy bekind him net werbeneamber te stellen foar in twadde termyn op it eilân.

Mei de beneaming fan Hermans-Vloedbeld telt Fryslân seis froulike boargemasters. Net earder wiene der yn de dizze provinsje seis froulike burgemeesters. In novum.

Pagina opties