Inisjativen socht dy’t bioferskaat ferbetterje

Inisjatyfnimmers mei goeie ideeën om it bioferskaat yn Fryslân te ferbetterjen, kinne fan 17 augustus oant ‘e mei 30 septimber 2020 subsydzje oanfreegje. Hjir wol de provinsje de rykdom oan plante- en bistesoarten yn Fryslân mei stimulearje.

Projekten moatte rjochte wêze op it ûntwikkeljen, tapassen of útdragen fan in strategy dy’t it bioferskaat ophelpt. Yn totaal is der €240.000,- beskikber.

Deputearre Douwe Hoogland: “It bioferskaat yn de provinsje Fryslân stiet ûnder druk. De rykdom oan plante- en bistesoarten nimt ôf. De provinsje wol dy trend keare en wurket dêrom oan in programma om it bioferskaat wer op te helpen.” Yn it programma is net allinnich oandacht foar it ophelpen fan it bioferskaat, mar ek foar it ferbetterjen tusken ekonomy, natuer, lânbou, bewustwurding yn de maatskippij en it dielen fan kennis. “Mei dizze nije subsydzjeregeling wol de provinsje alfêst inisjativen steune dy’t dêr by oanslute.”

Bio- en boaiemferskaat

Inisjatyfnimmers kinne subsydzje oanfreegje foar projekten rjochte op bioferskaat of boaiemferskaat. Tink oan it ferbetterjen fan leefgebiet fan in bedrige Fryske soarte lykas de heidekikkert en de ljurk, ûndersyk nei mikrobiology yn de boaiem of projekten rjochte op kennis fan Fryske ynwenners oer bioferskaat.

De regeling is bedoeld foar organisearre groepen, lykas ferieningen, stichtingen, maatskippen of oerheden. Per projekt is 75% fan de kosten subsidiabel, mei in maksimum fan €24.5000,- per projekt. In oanfraach yntsjinje kin fan 17 augustus ôf fia www.fryslan.frl/subsidiebiodiversiteit. De subsydzje wurdt dan ferdield op folchoarder fan ûntfangst.

Pagina opties