In wurd fan de Kommissaris fan de Kening, drs. A.A.M. Brok

Bêste minsken,

It komt der op oan. It corona-firus hâldt de wrâld, it lân en Fryslân yn ‘e besnijing. De maatregels reitsje elkenien. Bern bliuwe thús fan skoalle, minsken moatte thús wurkje, kafees binne ticht, tsjerketsjinsten wurde ôfsein en pake en beppe krije gjin besite mear…  

Ek op it provinsjehûs passe wy ús oan. Amtners en bestjoerders wurkje safolle mooglik thús en yn strikt fan inoar skieden ploegen. Nettsjinsteande dat giet de beslútfoarming sa goed en sa kwea as it giet troch en besykje wy de tsjinstferliening op peil te hâlden.

De ympakt fan it firus op ús maatskippij en de ekonmy is grut. Sa is my dizze wike dúdlik wurden yn persoanlike petearen op it provinsjehûs. Minsken binne ûngerêst oer harren sûnens en dat fan harren famylje en freonen. Undernimmers ha sliepeleaze nachten omdat se it lean fan persoaniel net trochbetelje kinne. Kwetsbere groepen reitsje yn in isolemint.

De mienskip wurdt makke troch minsken en de ferbining tusken minsken. Yn dizze gaoatyske tiid is it hertferwaarmjend om te sjen dat der fan ûnderop inisjativen opdûke om de minsken ta stipe te wêzen. Online én in the real world. Boadskippen dwaan foar inoar en de ovaasje foar de helden yn de soarch binne dêr foarbylden fan. Yn tiden fan krisis komt it bêste yn de minske boppe.

Mar wy binne der noch net, sa sei ús minister-presidint yn syn taspraak. Wy moatte ús derop ynstelle dat wy mei-inoar noch wol in skoft op ‘e rûge see sitte.  

Litte wy rêstich bliuwe en betrouwen hawwe yn de autoriteiten en saakkundigen fan de RIVM en oare tsjinsten. Nederlân operearret op dit gebiet op ynternasjonaal topnivo. Yn ús provinsje wurkje de Veiligheidsregio, de GGD en oare ynstânsjes harren in slach yn ’e rûnte. Se dogge goed wurk.   

Al bliuwe wy binnendoarren en moatte wy ôfstân hâlde, litte wy inoar net út it each ferlieze en ferbining hâlde. Litte wy op inoar passe en omtinken hawwe foar de kwetsberen. It firus sil ús net útinoar spylje.  

In wurd fan tank oan al dy minsken dy’t harren ynsette foar it bestriden fan de krisis. Sterkte en betterskip foar dyjingen dy’t yn isolaasje sitte, siik binne of dierberen hawwe dy’t it firus oprûn hawwe.    

Kommissaris fan de Kening, drs. A.A.M. Brok

Pagina opties