Hûs duorsumer meitsje ekstra oantreklik foar Friezen

Dit bericht is niet meer actueel

Huze-eigeners yn Fryslân krije in ekstra temjittekomming as sy harren wenning enerzjysuniger meitsje. De provinsje wol mei in ynvestearring fan 5,2 miljoen euro har ynwenners oanmoedigje om no foar bygelyks spoumuorre-isolaasje, flierisolaasje of heechrendemintglês  te kiezen.

Alle enerzjy dy’t dêrmei besparre wurdt beheint de feroaring fan it klimaat. Fryske bou- en ynstallaasjebedriuwen profitearje dêr ek fan as sy it duorsum meitsjen fan de huzen útfiere meie.

Huze-eigeners krije 10% ekstra subsydzje boppe-op de 30% dy’t it Ryk no beskikber jout mei de Subsidie energiebesparing eigen huis (SEEH). Dêrfoar moatte sy twa of mear isolaasjemaatregels útfiere litte en betelje. Minsken dy’t harren sparjild net ynsette wolle of kinne, kinne kieze foar in Energiebespaarlening. Fan 1 septimber 2020 ôf krije Fryske oanfregers fan ‘e Energiebespaarlening Fryslân in koarting fan 0,5% op dy rinte. Ek Ferienings fan Eigeners, komme yn oanmerking foar de twa regelingen.

Een steiger naast een huis waarvan de muren geïsoleerd worden.

Oanfreegje

De Fryske oanfolling op ‘e lanlike subsydzje jildt mei weromwurkjende krêft sûnt 1 juny 2020. De Energiebespaarlening kin no al oanfrege wurde, mar is fan 1 septimber 2020 ôf ynklusyf rintekoarting.

Oanfreegje subsydzje

Oanfreegje enerzjybesparliening

Aanvragen Energiebespaarlening Fryslân (fan 1 sept ôf)

Pagina opties