Grien ljocht foar oanpak Doniawei by Hallum

It krúspunt fan de provinsjale dyk N357 en de Doniawei by Hallum giet op ’e kop.. Sawol fytsers as automobilisten fine dit krúspunt op ‘e N357 ûnfeilich. Fanút Hallum pleitet men al langer foar in ferkearsfeilich krúspunt. De tarieding fan it wurk fyn dit jier plak. De útfiering folget nei alle ferwachtings net earder as yn 2021.

It ynvestearjen yn ferkearsfeiligens bliuwt in wichtich spearpunt neffens de provinsje Fryslân. Hjirfoar is jierliks ien miljoen euro beskikber om knipepunten yn de provinsje oan te passen.

“Wy kieze der foar om binnen it beskikbere budzjet it krúspunt N357-Doniawei as earste oan te pakken, wittende dat der op mear lokaasjes yn Fryslân maatregels fanneden binne. Die foarrang hat te krijen mei de ferwachtings dy’t troch de provinsje rjochting it doarp Hallum wekt binne”, sa seit deputearre Avine Fokkens-Kelder.

Read-wite pealtsjes op de wei foar dykwurksamheden

Foar de oanpak fan it krúspunt by Hallum, moat Provinsjale Steaten noch ynstimme. Yn de rin fan dit jier wurdt dúdlik hokker knipepunten fierder noch oanpakt wurde sille en wannear. It kin gean om lytse oanpassings lyk as it oanpassen fan markearrings op de dyk as fytspaad, oantemei it werynrjochtsjen fan in krúspunt as in langer trajekt.

Bern bewuster meitsje fan harren eigen gedrach yn it ferkear

Dêrneist ynvestearret de provinsje yn edukaasje om feilich gedrach te befoarderjen. Oantemei 2023 is hjirfoar yn it gehiel ien miljoen euro ekstra beskikber. Yn 2020 leit de fokus op ferkearsedukaasje yn it basis- en fuortset ûnderwiis. It is wichtich om bern bytiids bewust te meitsjen fan harren eigen gedrach yn it ferkear.
 

Del te laden:

Pagina opties