Fryslân wol Lelyline op lanlike wurklist

Dit bericht is niet meer actueel

Gâns winst yn reistiid. In soad nije reizgers yn ‘e trein. En ek nochris yn eksploitaasje kostedekkend. De Lelyline is foar Nederlân in goede ynvestearring. De tiid is ryp om dy flugge spoarline tusken de Rânestêd en Noard-Nederlân yn it nasjonale Toekomstbeeld OV 2040 op te nimmen.

Dy konklúzje lûkt de provinsje Fryslân út in ‘potinsje-ûndersyk’ dat yn opdracht fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en de trije noardlike provinsjes makke is. Der is nei trije farianten foar flugger iepenbier ferfier tusken de Rânestêd en Grinslân/Fryslân sjoen: besteand spoar, nij spoar en in heechweardige busferbining.

Dy lêste fariant falt ôf. Mar oer besteand spoar (Amsterdam-Swol-Grins/Ljouwert) en nij spoar (de Lelyline) is tusken de Rânestêd en it Noarden substansjele reistiidwinst te heljen: respektivelik 30 oant 40 minuten, wêrby’t in nij spoar boppedat goedkeaper liket. Treinen sille dan yn beide farianten maksimaal 200 kilometer de oere ride moatte.

Neffens de Fryske deputearre Avine Fokkens-Kelder is dêrmei foar Nederlân in skaalsprong ûnder berik. “Sa ferbynst lânsdielen oan inoar en kreëarrest synergy, passend by wichtige ambysjes fan it Ryk. Dy flugge ferbining is dêrom in nasjonaal belang. De Lelyline soarget boppedat foar in robúste oansluting fan it Noarden op de rest fan it lân.”

een getekende afbeelding van heel Nederland met daarop aangeven waar de Lelyline langs gaat

Fokkens neamt it wichtich dat de Lelyline neffens it ûndersyk kostedekkend te eksploitearjen is. Ek lûkt dy nije flugge trein grif 22.500 reizgers deis, wêrfan’t likernôch de helte no noch net mei it iepenbier ferfier reizget.

It potinsje-ûndersyk is opsteld troch Studio Bereikbaar, INNO-V, Syconomy en Dona Stedenbouw. Fryslân stipet de oanrekommandaasje om no fierdere senario’s te ûndersykjen en te ferlykjen.

Pagina opties