Fryslân komt mei 11 ekstra werstelmaatregels

De provinsje Fryslân set € 5 miljoen ekstra yn om bedriuwen en organisaasjes te stypjen dy’t troch de koroanakrisis rekke binne.

Dat bart mei it werstelpakket Lok op 1: No en Moarn. It ekstra jild is bedoeld as oanfoljende needhelp op de maatregels fan it Ryk en de al oanpaste provinsjale regelingen. De brede wolfeart en sirkulêre ekonomy binne de útgongspunten fan dit pakket mei alve maatregels.

Deputearre Sander de Rouwe: “Dit pakket is in oanfulling op de maatregels fan it Ryk en de maatregels dy’t de gemeenten en wy sels al nommen hawwe. Wy wurkje hurd om dizze regelingen sa gau mooglik, nei beslútfoarming yn Provinsjale Steaten op 24 juny, de wrâld yn te stjoeren. Sa kinne dizze maatregels noch yn it twadde en tredde fearnsjier fan 2020 útfierd wurde.”

It pakket spilet yn op behoeften dy’t yn de mienskip libje. Dêrby wurdt ynset op sirkulêre ekonomy, gastfrijheid, kultuer, leefberens, soarch en ûnderwiis, dat de regio oantreklik bliuwt om yn te wenjen, wurkjen en rekreëarjen. It werstelbelied draach sa ek by oan de ambysje út it Bestjoersakkoart 2019-2023 Lok op 1 om yn Fryslân benammen yn kwaliteit fan libjen te ynvestearjen.

It ekstra jild is bedoeld as oanfoljende needhelp op de maatregels fan it Ryk en de earder oanpaste besteande provinsjale regelingen. It pakket ‘Lok op 1: No en Moarn’ is oer trije haadtema’s ferdield:

  1. Stimulearring arbeidsmerk (1,1 miljoen)
  2. Stimulearring ynnovaasje (1,9 miljoen)
  3. Fêstigingsklimaat (2 miljoen)

Ûnder dy tema’s hingje mei-inoar alve maatregels, lykas: in oanfoljende regeling om de kultuer yn Fryslân te behâlden, in iepen fûns om projekten fan ûndernimmers te stypjen en in fêst bedrach foar bedriuwen foar it begelieden fan (ôfstudear) stazjêren. It grutste part fan de maatregels is breed beskikber foar alle sektoaren, foar alle organisaasjes mei in KvK-registraasje. In tal maatregels is dêrneist foar in spesifike doelgroep, bygelyks foar de rekreaasje & toerisme sektor, foar de kultuersektor en foar doarpshuzen en sportferienings. Dy spesifike doelgroepen kinne ék gebrûk meitsje fan de brede regelingen.

Foar it ta stân kommen fan it werstelpakket binne petearen fierd mei ûnderskate belanghawwenden lykas Rabobank, IPO, UWV, Buma Stemra, Kunsten’92, Doarpswurk, Sport Fryslân en de Taskforce Recreatie en Toerisme. 
 

Winkelstrjitte mei terraskes der foar

Del te laden:

Pagina opties