Fryske Akademy

Dit bericht is niet meer actueel

Wat is nedich om de Fryske Akademy takomstbestindich en robúst te meitsjen? En hoe kin de Fryske Akademy yn in sterke Fryske kennisynfrastruktuur goed gearwurkje mei oare wittenskiplike organisaasjes?

Foar in antwurd op dizze en oare fragen hat it Kolleezje fan Deputearre Steaten de Taskforce Fryske Akademy frege om ûndersyk te dwaan. Ferline wike tongersdei hat de Taskforce dêroer rapportearre. Tiisdei 3 septimber hat de Taskforce de risseltaten taljochte oan it Kolleezje.

It Kolleezje fynt it wichtich dat de befinings en oanbefellings sa gau as mooglik ter kennis komme fan Provinsjale Steaten. It rapport is dêrom hjoed nei de Steaten stjoerd.

Oanlieding foar it ûndersyk wie in earder hâlden Gateway Health Check. Úteraard is ek dat dokumint no ter beskikking steld oan Provinsjale Steaten.

Op basis fan de ûndersiken en oanbefellings wurket de provinsje yn oerlis mei it Ministearje fan Ûnderwiis, Kultuer en Wittenskip, de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen, de Ried fan Tafersjoch en de Fryske Akademy in ynhâldlik foarstel út.

Dat sil de kommende tiid barre.

It foarstel sil oan Provinsjale Steaten tastjoerd wurde. Jo sille ek ynformearre wurde. Dan sil deputearre Avine Fokkens ek ynhâldlik op de befinings yngean.

Del te laden:

Pagina opties