Fiskmigraasjerivier brûkt grûn op ‘en nij

Wa’t oer de Ofslútdyk rydt, sjocht yn de Iselmar by Koarnwertersân skippen yn ‘e baan mei bulten grûn. It binne de tariedings foar de oanlis fan de westkant fan de Fiskmigraasjerivier en in neistlizzend natuereilân fan Windpark Fryslân.

De provinsje Fryslân brûkt dêrfoar de grûn dy’t frijkaam by de ombou fan de N31 by Harns, oanfolle mei grûn út de Iselmar by Koarnwertersân.

Provinsje Fryslân stimulearret in sirkulêre en duorsume wurkwize en keppelet mei Grip op Grond projekten, dêr’t grûn frij komt of krekt ferlet fan grûn is, oan inoar. “Deze circulaire aanpak is een belangrijk doel. Ook bij dit prachtige project. En het is meteen ook efficiënt en economisch’’, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder. By it ferdjipjen fan de N31 by Harns en de oanlis fan in akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal, kaam yn 2017 in heal miljoen kúb grûn frij. Dy grûn waard opslein yn depot Oostpoort by Harns.

Grûn foar in rivier

In lyts part fan de grûn út it depot Oostpoort is ûnderwilens brûkt foar it fuortsterkjen fan de Ofslútdyk. De oerbleaune 400.000 m3, genôch om 15 fuotbalfjilden mei in flinke bult bedekke te kinnen, is foar de fûndearring fan de westkant fan de Fiskmigraasjerivier. It is net genôch om de hiele Fiskmigraasjerivier oan te lizzen. Nochris in miljoen kúb grûn komt út it soal fan de Iselmar by Koarnwertersân.

Een baggerschip met kraan is aan het baggeren in het water

Ferfier mei skippen

Neist it  op ‘en nij brûken fan grûn, is duorsum ferfier ek hiel wichtich by de oanlis fan de Fiskmigraasjerivier. Om de útstjit te beheinen, wurdt de grûn mei skippen út Harns ferfierd. Dan binne sa’n 365 ferfiersbewegings genôch, yn stee fan 17.000 hin en wer ridende frachtweinen.

Westkant en wurk- en natuereilân

De Fiskmigraasjerivier, in fiskpassaazje dy’t de Waadsee en de Iselmar foar migraasjefisk wer mei-inoar ferbine sil, wurdt yn in oantal fazen realisearre. As earste wurdt no de westkant oanlein. Tagelyk leit oannimmersconsortium Zuiderzeewind in wurk- en natuereilân oan dat brûkt wurdt foar de bou fan Windpark Fryslân. It eilân bliuwt dêrnei lizzen en wurdt dan in foerazjear- en rêstgebiet foar fûgels, mei dêrnjonken in keunstmjittich rif foar fisk. De westkant fan de Fiskmigraasjerivier foarmet aanst de oergong nei it natuereilân. Troch it ûntwerp fan beide projekten op inoar oan te passen en tagelyk te realisearjen wurdt der optimaal (ekologyske) mearwearde oan it gebiet jûn.

Pagina opties