Fierdere stappen yn duorsum meitsjen treinferfier

Dit bericht is niet meer actueel

De provinsjes Fryslân en Grinslân begjinne in proef om de noardlike treinen fierder duorsum te meitsjen. Twa besteande treinen fan Arriva ride fan septimber 2020 ôf op biodisel. As dit technysk, finansjeel en operasjoneel goed útpakt, kinne ek de oare treinen dizze skjinnere brânstof brûke.

De oergong fan gewoane disel nei biodisel (Hydrotreated Vegetable Oil, HVO) soarget foar in delgong oant 89 prosint fan CO2-útstjit. Dit slút oan by de winsk fan Provinsjale Steaten om foar de treinen duorsume stappen te setten. It giet om in proef fan twa jier.

Yn desimber fan dit jier start in nij kontrakt tusken de twa provinsjes en ferfierder Arriva Nederlân. Arriva sil ek de kommende fyftjin jier mei treinen riden bliuwe yn Fryslân en Grins. Wichtige ôfspraken binne fernijing fan de hjoeddeistige fyftich treinen (GTW’s) en útwreiding mei achttjin nije treinen (WINK’s). Dizze WINK’s ride fan maitiid 2021 ôf. Dizze WINK-treinen hawwe ûnder oare batterijen om enerzjy op te slaan dy’t frijkomt by it remjen. Dêrnjonken ride sy op skjinnere disel. De GTW’s brûke no noch gewoane disel, mar as de proef slagget skeakelje dy alle fyftich ek oer op skjinnere disel.

Een witte met groene trein van Arriva rijdt op het spoor met aan de bovenkant een netwerk van stroomdraden

De earste twa GTW-treinen binne al ‘refurbished’ (fernije). De read-wite bûtenkant is no blaugrien. Ek fan binnen binne de treinen modernisearre. Reizgers hawwe dit útsocht. Sa komme der klaptafels, mooglikheden om dyn laptop of mobile telefoan op te laden en stiltecoupees.

Pagina opties