Fernijing brêgen Koarnwertersân kin begjinne

De fernijing fan it kompleks brêgen en slûs yn Koarnwertersân kin begjinne yn 2022. It ministearje fan Infrastructuur en Waterstaat en de provinsje Fryslân slute dêrfoar in Bestjoersoerienkomst. Betingst is dat Provinsjale Steaten de oerienkomst earst goedkarre. Minister Cora van Nieuwenhuizen en deputearre Avine Fokkens-Kelder kinne de oerienkomst dan noch foar de simmerfakânsje ûndertekenje.

Der is keazen foar in fazearre oanpak. It begjint mei de ferfanging fan de brêgen yn de A7; uterlik yn 2025 moat dat klear wêze. Underwilens begjint ek it ferdjipjen fan de soalen yn de Iselmar. Provinsje Fryslân fiert it wurk út. Dat giet yn nauwe gearwurking mei Rijkswaterstaat dy’t de eigener fan de brêgen en de slûs is.

Deputearre Fokkens: “Ik bin tige wiis mei it feit dat wy no einliks útein sette kinne! It is geweldich dat wy dizze brêgen, dy’t faak swierrichheden jouwe, no ferfange kinne. Net allinne yn Fryslân, ek yn ‘e Earste en Twadde Keamer, by oare provinsjes, gemeenten en merkpartijen hawwe in soad minsken harren sterk makke foar it fernijen fan de slûs en de brêgen. Wy binne ek bliid dat it Ministearje fan Infrastructuur en Waterstaat ynstimd hat mei de  fazearre oanpak.”

Oerheid en merkpartijen hawwe de yntinsje dat der privaatrjochtlike regelingen komme foar it ynbarren fan de merkbydrage. Ien dêrfan is dat de oanbelangjende bedriuwen per passaazje betelje foar skippen dy’t oars net yn de slûs passe soenen. Nei ferwachting is de merkbydrage yn 12 oant 15 jier betelle.

Fernijen brêgen en slûs

De lingte fan de nije slûs bliuwt itselde en wurdt tagonklik foar skippen mei in djipgong fan 4,70 m. De breedte giet fan 14 nei 25 meter. Yn stee fan de besteande draaibrêgen yn de A7 komme der fjouwer baskulebrêgen (‘klapbrêgen’ mei in kontragewicht). De twa trochfariepeningen binne aanst 21,5 en 25 meter. De besteande soalen op de Iselmar en it Ketelmeer wurde ferdjippe, sadat de havens fan Makkum, Lemmer, Urk, Lelystad, Meppel en Kampen better berikber binne foar gruttere seeskippen. It sân dat dêrby frij komt wurdt ûnder oare brûkt foar projekten op de Ofslútdyk, bygelyks de Fiskmigraasjerivier.

Planning

De planning is dat de brêgen uterlik yn 2025 ferfongen binne. Foar de soalen en de slûs is ôfpraat dat dy uterlik yn 2028 klear wêze moatte. De dielnimmende partijen wolle perfoarst dat de ambysje, dat de slûs tagelyk met brêgen klear is, oerein bliuwt.

Pagina opties