Ein dit jier beslút oer plannen Skieding

Dit bericht is niet meer actueel

It feiliger meitsjen fan De Skieding (N358) tusken de A7 (Fryske Peallen) en Surhústerfean komt tichter by. De provinsje Fryslân nimt tiid om de sjenswizen dy’t op it Ûntwerp-Provinsjaal Ynpassingsplan yntsjinne binne,  sekuer te behanneljen. Dat jildt ek foar de petearen dy’t noch rinne oer it oankeapjen fan grûn en fêstgoed.

Deputearre Steaten hawwe besletten it ynpassingsplan yn desimber 2020 oan Provinsjale Steaten foar te lizzen. Yn dat plan leit de provinsje de wizigings yn de hjoeddeistige bestimmings fêst en wat der oan ‘e dyk dien wurde moat. Om ferkearsmaatregels oan de N358 útfiere te kinnen, moat de bestimming fan de grûnen oanpast wurde. Dêr is in ûntwerp-Provinsjaal Ynpassingsplan foar opsteld dat fan 13 febrewaris oant en mei 26 maart 2020 op besjen lein hat.

Een asfalteerwagen asfalteert een weg waar meerdere arbeiders in oranje pakken om heen werken

Omdat it gebiet fan it projekt De Skieding de provinsje Fryslân en de provinsje Grinslân trochkrúst, is foar it Grinzer gebiet ek sa’n plan makke. Dy plannen wurde ein dit jier yn beide provinsje behannele en fêststeld. Mei-inoar binne der acht sjenswizen yntsjinne. Dy wurde yn de kommende tiid behannele en yn in reaksjenota opnommen.

De fêststelling fan it provinsjaal ynpassingsplan makket it mooglik de Skieding oan te pakken. Om de ferkearsfeilichheid en trochstreaming te ferbetterjen, binne der plannen makke om ovondes oan te lizzen en bochten flauwer te meitsjen. Dêrfoar wurkje de provinsje Fryslân en Grinslân nau gear mei de gemeenten Westerkwartier, Achtkarspelen en Smellingerlân.

Pagina opties