Eemshaven yn byld foar oansluting wynpark Noardsee

Dit bericht is niet meer actueel

De lokaasje Eemshaven yn Grins hat de foarkar as oanslútpunt foar it takomstige wynpark op ‘e Noardsee. Dat mienskiplike, foarriedige advys jouwe de trettjin oanbelangjende Grinzer en Fryske oerheidspartijen oan it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat (EZK).

Kompensaasje foar de negative effekten fan de oansluting is foar de regiopartijen in rânebetingst. Begjin oktober folget it definitive regio-advys en yn ‘e hjerst nimt it ministearje in beslút oer it oanslútpunt en de kabelrûte.

It foarriedige advys is ûnder oare basearre op draachflak, miljeu en sûnens en romtlike ynpassing. Op basis dêrfan jouwe de partijen yn it regio-advys oan dat it Fryske Burgum ôffalt fanwege te min draachflak, troch ûnder oare de te ferwachtsjen oerlêst fan leechfrekwint lûd op de omkriten. Oansluting fia it Grinzer Vierverlaten leit foar de regiopartijen ek net foar de hân.

Een werkende fabriek aan het water met daarnaast enkele windmolens

Farianten Eemshaven

De fariant Eemshaven-oost hâldt neffens de oanbelangjende partijen it bêste rekken mei de lokale belangen, de kwetsbere natuer fan it Waad en de lânbou. TenneT en it ministearje fan EZK hawwe lykwols oanjûn dat dy fariant tige lestich is fanwege hege kosten, technyske kompleksiteit en fergunningen. Dêrom advisearje Grins en Fryslân om de heechspanningskabel by Eemshaven-west oan te lizzen, mar allinne as der rekken hâlden wurdt mei rânebetingsten. Sy fine dy essinsjeel foar it draachflak.

Rânebetingsten

De betingsten dy't de regiopartijen stelle, binne in gebietsproses en in gebietsfûns om alle belanghawwenden te beheljen en te kompensearjen, it behâld fan de Noard-Grinzer kuststripe as heechweardich lânbougebiet, it yn ien kear oanlizzen fan ekstra kabels yn it Waadgebiet om fersteuring fan de natuer by it oanlizzen fan takomstige wynparken foar te kommen en ûndersyk nei de ympakt fan leechfrekwint lûd.

Kânsen

Alle oanbelangjende gemeenten, wetterskippen en provinsjes binne it iens dat it opwekjen fan wynenerzjy op see ûnmisber is yn de stap nei skjinne enerzjy. It nije wynpark yn de Noardsee draacht dêroan by. De regiopartijen wolle fierder ferkenne hokker kânsen de oanlis fan in heechspanningsoansluting hat foar de ûntwikkeling fan it gebiet. Tink oan it ûntwikkeljen fan natuer en it duorsumer meitsjen fan lânbou, it ferhastigjen fan de wetterstofekonomy yn de Eemshaven, it stimulearjen fan wurkgelegenheid en ûnderwiis. De partijen binne ree om mei it ministearje gear te wurkjen oan it ferfolch fan it projekt.

Ferfolchstappen

It ministearje fan EZK hat foar de oansluting fan it wynpark 'Ten noorden van de Waddeneilanden' njoggen mooglike kabelrûten ûndersocht. Om in foarkarsrûte fêst te stellen, hat it ministearje de oanbelangjende gemeenten, wetterskippen en provinsjes om advys frege. De gemeenterieden, Provinsjale Steaten en Algemien Bestjoeren fan de wetterskippen bûge harren yn de kommende perioade oer it foarriedige advys. Begjin oktober wurdt in definityf advys fêststeld en oan it ministearje foarlein.

Del te laden:

Pagina opties