Nijs

  • Fryslân tsjinnet oanfraach foar opkeapregeling stikstof yn

    (17-02-2021)

    Fryslân tsjinnet in oanfraach by it Ryk yn foar de ‘Regeling provinsjale oankeap feehâlderijen by natuergebieten’. Yn de earste omgong stelt it Ryk 7,5 miljoen euro beskikber foar de oankeap fan Fryske bedriuwen mei in hege stikstofútstjit op Natura-2000 gebieten.

  • Behear en skeabestriding guozzen wer tastien

    (17-02-2021)

    De provinsje Fryslân lûkt it beslút yn, dêr 't ferline wike de paugoes, blesgoes en skiere goes beskerme wurde tsjin ferjeien en bestriden mei stypjend ôfskot. Dêrmei komt it beslút, op it ferbod op it ferjeien fan wetterfûgels ek te ferfallen.

  • Tarieding 350 bunder nije natuer by it Alddjip lâns

    (16-02-2021)

    Rûnom de boppe- en middenrin fan de beek Alddjip (Koningsdiep) komt 350 bunder nije natuer foar Natuurnetwerk Nederland. De provinsje Fryslân set út ein mei de tarieding foar it meitsjen fan in ynrjochtingsplan mei partners yn it gebiet. Troch de grutte omfang en de lokaasje fan it projekt is der in miljeu-effektrapportaazje nedich, wêr de earste stap it meitsjen fan de Notitie Reikwijdte en Detailniveau (NRD) is.

  • 3,2 miljoen beskikber foar ferbetterjen Frysk ûnderwiis

    (16-02-2021)

    Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 22 febrewaris ôf in subsydzje oanfreegje foar it ferbetterjen fan it fak Frysk. De kommende fjouwer jier is der alle jierren € 800.000 beskikber foar bygelyks neiskoalling fan dosinten Frysk, ekstra lesmateriaal en it ferfangen fan dosinten dy’t in oplieding Frysk folgje.

  • Fryslân hâldt lok op 1

    (16-02-2021)

    Healwei harren bestjoersperioade meitsje Deputearre Steaten fan Fryslân de balâns op: hoe stiet it mei de 61 resultaten út it bestjoersakkoard Lok op 1? Fryslân sette yn 2019 ‘Lok op 1’. No, midden yn dizze wrâldwide pandemy en krisis, is de brede wolfeart mear wichtich as it ea west hat.

  • Ûntwerp Omjouwingsferoardening foar ynsjen

    (16-02-2021)

    It ûntwerp fan de provinsjale Omjouwingsferfoardening is hjoed troch Deputearre Steaten fêststeld. Yn in Omjouwingsferoardening stean rigels foar de fysike wenomjouwing. Fryske gemeenten ferwurkje de rigels yn harren eigen Omjouwingsplannen.

  • Frijstelling behear en skeabestriding útsteld

    (10-02-2021)

    De provinsje Fryslân sil, mei yngong fan 11 febrewaris 2021, de frijstelling foar it ferjeien en it bestriden mei stypjend ôfskot fan de paugoes, blesgoes en skiere goes tydlik útstelle. Fierders is it net tastien om wetterfûgels te ferjeien.

  • Fryske boeren krije advys op eigen hiem

    (04-02-2021)

    Ynkoarten kinne Fryske boeren mei harren bedriuwspesifike kennisfragen oer natuerynklusive omrinlânbou by de Landbouwadviespool (LAP) terjochte. De pool is in netwurk fan ûnôfhinklike, net-kommersjele adviseurs dy’t Fryske boeren op harren hiem helpt. Dêrmei slút Fryslân oan by inisjativen fan LNV om kennis oer ferskate aspekten fan natuerynklusive lânbou op it boerehiem te bringen. Living Lab Fryslân kriget in koördinearjende rol by de útfiering fan dy pool.

  • Nije stimulearringsregeling foar Fryske kulturele sektor

    (02-02-2021)

    Kultuermakkers en ynstellingen kinne ynkoarten subsydzje oanfreegje út de nije provinsjale Stimuleringsregeling Cultuur: Ontwikkeling en Innovatie. Der is foar de perioade 2021-2024 goed 2,7 miljoen euro beskikber: 0,6 miljoen foar ûntjouwing en goed 2,1 miljoen foar de útfiering fan kulturele produksjes.

  • Nij greidefûgelbelied foar Fryslân

    (02-02-2021)

    Greidefûgels binne in wichtich part fan it Fryske lânskip. Dêrom wurket de provinsje Fryslân oan belied om de greidefûgelpopulaasje te fersterkjen. Yn de Startnotysje Greidefûgels 2021 – 2030 stean trije ambysjenivo’s foar it oanskerpjen fan it hjoeddeistich belied foar de kommende perioade.

  • Biotrack kriget 25.000 euro foar it fierder ûntwikkeljen fan Covid-19 test

    (02-02-2021)

    It Fryske bedriuw Biotrack ûntwikkelet in nije testkit om de koroana-ynfeksjes te ûndersykjen. Foar dat projekt kriget Biotrack in ynsidintele subsydzje fan 25.000 euro fan de provinsje Fryslân.

  • Fryslân hellet flinke koroanastipe binnen foar kultuer

    (02-02-2021)

    Der komt omtrint 1,4 miljoen euro nei Fryslân as stipe foar kulturele ynstellingen. Ynlânske Saken stelt it bedrach beskikber foar primêr provinsjaal subsidiearre ynstellingen. It jild is bedoeld as kompensaasje foar koroanaskea.

  • Nijjierstaspraak 2021 Kommissaris fan de Kening yn Fryslân drs. A.A.M. Brok

    (08-01-2021)

    Wolkom yn de Steateseal fan it provinsjehûs yn Ljouwert! Op 3 maart is it 125 jier lyn dat Kommissaris fan de Keninginne Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten dizze steateseal iepene. Noch altyd ien fan de moaiste monumintale romten yn ús provinsje. Dit is it plak dêr’t ús provinsjale parlemint, de Provinsjale Steaten, besluten oer de takomst fan ús provinsje nimt.

  • IMF-subsydzje foar 23 projekten yn Noardwest Fryslân

    (29-12-2020)

    It Iepen Mienskipsfûns Noardwest Fryslân jout yn de tredde tender fan 2020 oan 23 inisjativen út de mienskip subsydzje. Yn totaal giet der hast 296.000 euro nei leefberensprojekten yn dizze regio.

  • 25 sollisitanten foar boargemasterskip Harns

    (02-12-2020)

    Op de fakatuere fan boargemaster fan Harns ha 25 minsken sollisitearre. It giet om 16 manlju en njoggen froulju. Acht fan harren binne tusken de 40 en 50 jier âld, tolve tusken de 50 en 60 en fiif bin âlder as 60. Van de 25 gadingmakkers binne 23 lid fan in politike partij, twa kandidaten binne zijn partijleas.

  • Mooglik gjin twadde fergêster yn Marrum

    (02-09-2020)

    De provinsje is fan doel om de fergunnings foar de ko-fergêster yn Marrum yn te lûken. Dat omdat der sûnt 2008 gjin konkrete stappen makke binne om de fergêster te realisearjen. Yn 2008 en 2011 waarden de fergunnings, dy’t de komst fan in ko-fergêster yn Marrum mooglik makken, al ferliend. Dêrneist sil it troch de hjoeddeistige stikstofproblematyk dreech wêze om op grûn fan de Wet natuurbescherming in fergunning te ferlienen.

  • Fryslân komt mei 11 ekstra werstelmaatregels

    (09-06-2020)

    De provinsje Fryslân set € 5 miljoen ekstra yn om bedriuwen en organisaasjes te stypjen dy’t troch de koroanakrisis rekke binne.

  • Nije regeling foar toerismesektor yn koroanatiid

    (09-06-2020)

    Ûndernimmers yn de Fryske rekreaasje- en toerismesektor kinne stipe krije út in oardelmeter-regeling. De provinsje jout oant 1500 euro subsydzje foar oanpassingen dy’t bedriuwen dwaan moatte foar de oardelmeter-ekonomy. Der is 1 miljoen euro beskikber. Provinsjale Steaten moatte der op 24 juny noch wol in beslút oer nimme.

  • Sân Fryske foto’s keazen foar ‘De Tweede Wereldoorlog in honderd foto’s’

    (01-05-2020)

    Op 4 maaie wurdt bekend makke hokker foto’s it Nederlânske publyk keazen hat foar ‘De Tweede Wereldoorlog in honderd foto’s’. Dêrmei is ek bekend hokker foto’s út Fryslân dêr diel fan útmeitsje.

Archief

Pagina opties