Nijs en oankundigings

  • Gearkomsten Provinsjale Steaten útsteld

    (17-03-2020)

    Mei yngong fan de lanlike maatregels oangeande it coronafirus (COVID-19) is de provinsjale organisaasje op it stuit allinne beskikber foar de meast needsaaklike tsjinstferliening. Nei oanlieding dêrfan is besletten om ek alle gearkomsten fan Provinsjale Steaten te annulearjen oant en mei 6 april 2020.

  • Stellingwerf College bêste Fryske debatskoalle

    (04-03-2020)

    Moat de Lelylijn der komme? Is der ferlet fan mear tafersjoch fan de provinsje Fryslân op de Fryske taallessen? En hoe sit it mei drugsgebrûk ûnder de jongerein? Ferskate ûnderwerpen dêr't de skoalbêrn oer mochten debattearje by de foarronde fan skoalbêrn-debatkompetysje 'Op weg naar het Lagerhuis’. De winner fan de kompetysje giet troch nei de oare ronde, om te striden tsjin oare provinsjes om de titel fan bêste debatskoalle fan Nederlân.

  • Twa nije kommisjeleden by de steatefraksjes

    (26-02-2020)

    Koartlyn makken Jan Walrecht (PvdA) en Lieuwe van der Pol (ChristenUnie) de switch fan kommisjelid nei Steatelid. Dêrtroch binne der twa lege plakken frijkaam dy no wer opfolle bin.

  • Steatelid Lillianne van den Broek nimt ôfskied

    (26-02-2020)

    Woansdeitemoarn namen Provinsjale Steaten ôfskied fan Lilianne van den Broek (Pvda). Fanwege har sûnens kin se har Steatelidmaatskip net langer fuortsette.

  • Jochem Knol steatelid foar GrienLinks

    (25-09-2019)

    Jochem Knol fan Beetstersweach is hjoed beëdige as lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân foar GrienLinks. Hy komt yn it plak fan Matthijs Sikkes-van den Berg, dy’t de steaten ferlit om wethâlder yn Diemen te wurden.

  • Gast fan de Steaten

    (03-05-2018)

    Wa’t graach ris achter de skerms fan de provinsjale polityk sjen wol, kin him no oanmelde as Gast fan de Steaten. Mei dit inisjatyf wolle Provinsjale Steaten ynwenners en polityk tichter byelkoar bringe.

Archief

Pagina opties